Oanhâldings foar mishanneling

26 feb 2009 - 09:57

De plysje hat twa nije fertochten oppakt foar de mishanneling fan in man fan 24 út Nijeholtpea. It giet om twa jonges út Wolvegea, fan 17 en 19 jier. Earder waard al in oare 19-jierrige ynwenner fan Wolvegea oanholden.

It slachtoffer waard sneintemoarn betiid yn Wolvegea ynelkoar slein by in kroech. Syn frou krige yn de hoarekasaak spul mei fjouwer manlju. Doe't de groep nei bûten rûn om it út te praten, sloegen de fjouwer de man út Nijeholtpea ynelkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)