Oanhâldings foar mishanneling

17 des 2006 - 16:48

In Ljouwerter (22) is sneon yn syn wenplak oanhâlden foar it mishanneljen fan in plakgenoat (26). Hy soe de man twa kear fol yn it gesicht slein ha. Mei help fan de portiers fan in hoarekabedriuw oan it Ruterskertier koe de fertochte oanhâlden wurde. Yn Drachten waard in man (21) út Jobbegea oanhâlden om't er in man (19) út Drachtster Kompenije twa kear mei de kop stjitten hie. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne oan de holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)