Oanhâldings foar mishanneling

12 jul 2013 - 09:36

De plysje hat tongersdeitejûn twa manlju oanhâlden, omdat se fertocht wurde fan mishanneling. It giet om in 41-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean en in 42-jierrige Ljouwerter. De twa hiene earder dy jûn in 34-jierrige frou út Grou slein. Nei de mishanneling naaiden de manlju út yn in auto. De auto waard letter fûn op It Hearrenfean. Dêr koene de fertochten oanhâlden wurde. Sy binne nei it plysjeburo brocht. De plysje docht noch ûndersyk nei wat de oanlieding foar de mishanneling wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)