Oanhâldings foar mishanneling

09 sep 2012 - 14:01
  • Geweld

De plysje hat sneontejûn en -nacht fjouwer manlju oanholden foar mishanneling. Yn de Wassenberghstrjitte yn Snits soe in 46-jierrige man in buertbewenner fan 47 jier mishannele hawwe en bedrige er ferskate buertbewenners. Yn de Kruizebroederstrjitte, ek yn Snits, waard in 34-jierrige Snitser oppakt omdat er in 18-jierrige stedgenoat slein hie.

Op in buertfeest yn de Tjerk Hiddesstrjitte yn Ljouwert waard in 25-jierrige Ljouwerter oanholden om't er in stedgenoat fan 55 jier in kopstjit jûn hie en him tsjin de holle sloech.

En yn op de Noardkade yn Drachten waard in 17-jierrige Hearrenfeanster oppakt om't er sûnder oanlieding in 19-jierige man út Mearum mei in bierglês yn it gesicht stuts. It slachtoffer moast nei it sikehûs. Alle fjouwer fertochten binne ynsletten op it plysjeburo. De slachtoffers diene oanjefte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)