Oanhâldings foar geweldpleging

25 maaie 2006 - 15:46

Op De Kaden yn Drachten binne yn de nacht nei tongersdei fiif manlju oppakt foar iepentlike geweldpleging. De reboelje ûntstie doe't in jonge (21) út Twizelerheide rúzje krige mei in Drachtster (27).

In pear freonen fan de Twizelerheidster bemuoiden har dermei. Njonken de twa oanstichters binne sy ek oanhâlden. In tafallige foarbygonger waard noch troch in oare man hurd tsjin de kaak slein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)