Oanhâldings foar fernielings

01 jan 2009 - 06:39

Yn Drachten en Ljouwert binne fannacht minsken oanhâlden foar fernielings. De plysje moast hast yngripe yn Seisbierrum. Dêr wie op in krúspunt in auto yn de brân stutsen en dat drige mei noch mear saken út de hân te rinnen.

By sikehûs MCL yn Ljouwert kaam de drokte pas nei it earste oere. Dêrnei kamen der foaral fjoerwurkslachtoffers binnen. Mar ek minsken dy 't GHB brûkt hiene. Sa slim as ferline jier like it lykwols net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)