Oanhâldings fjochtpartij Dokkum

30 mrt 2006 - 17:04

De plysje hat sân minsken oanhâlden foar har belutsenheid by in fjochtpartij twa wiken lyn yn Dokkum. De sân fertochten binne tusken de 17 en de 22 jier. Se hawwe yn in hoarekagelegenheid oan de Oranjewâl trije manlju mishannele.

Twa fan de slachtoffers rekken sa ferwûne, dat se nei it sikehûs moasten. De fertochten komme út Driesum en Wâlterswâld. Wat de oanlieding foar de mishanneling west hat, is net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)