Oanhâldings fjochterij Dokkum

09 apr 2008 - 09:57

De plysje hat oant no ta fjouwer manlju oanhâlden dy't belutsen wiene by in fjochtpartij mei de plysje, heal maart yn Dokkum. In groep fan sa'n fyftich man wie op stap yn it sintrum fan de stêd. Doe't de plysje twa stappers oanhâlde foar balstjurrich gedrach, bemuoide de groep har dermei en bedrige en sloech de plysjeminsken. Dêrnei ûntstie in grutte fjochtpartij.

De fjouwer fertochten bekenne dat se dy nacht geweld brûkt hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)