Oanhâldings fanwege oerlêst

10 mrt 2006 - 21:00

Mei de oanhâlding fan trije manlju hopet de plysje dat der in ein makke is oan de oerlêst yn in winkelsintrum fan De Westerein. De winkellju hiene de lêste tiid hieltyd mear klachten oer saken as fernielings en drugsdealen troch jongeren. De trije fertochten binne 22, 21 en 18 jier en komme út De Westerein en Twizelerheide.

Der binne ek bonnen jûn foar oerlêst, lykas omhingjen by it âldereinhûs en hurd ride troch it sintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)