Oanhâldings brân Sint Anne

15 jun 2009 - 14:22
  • Fjouwer man sitte fêst foar de brân yn Sint Anne

Der sitte fjouwer manlju fêst foar de ynbraak en mooglik ek de brân yn it sportkompleks De Waaie yn Sint Anne. Op freed 5 juny baarnde de kantine fan it kompleks folslein út. Trije ynwenners fan Sint Anne fan 18, 19 en 27 ha har frijwillich by de plysje melden foar belutsenheid by de ynbraak.

Nei oanlieding fan dy bekentenissen is moandei noch in 21-jierrige ynwenner fan Sint Jabik oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)