Oanhâldings brân Hearrenfean

21 jul 2009 - 11:03

De plysje hat twa minsken oanhâlden dy't mooglik belutsen wiene by in brân oan de Roede op It Hearrenfean. Moandei sawat trije oere bruts dêr brân út op de boppeferdjipping fan in hûs. Tsjûgen seagen dat in man en in frou it hûs útkamen doe't dat al yn 'e brân stie.

Op basis fan in sinjalemint koe de plysje letter in man fan 52 en in frou fan 34 jier oanhâlde. Se wurde fertocht fan brânstifting. De man is in bekende fan de eigneresse fan it hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)