Oanhâldings berôving Appelskea

12 aug 2010 - 10:31

De plysje hat trije jonges oanhâlden dy't derfan fertocht wurde op 9 augustus in 31-jierrige man út Appelskea berôve te ha. It slachtoffer waard by in bushalte oan de Vaart Zuidzijde yn syn wenplak slein en mei in mes stutsen.

De fertochten koene mei help fan ferklearrings fan tsjûgen oanhâlden wurde. It giet om twa jonges út Appelskea fan 17 en 18 jier en in 17-jierrige jonge út Easterwâlde. Se sitte alle trije noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)