Oanhâldingen foar drugshannel

01 sep 2014 - 09:47

In 26-jierrige man út de gemeente Dongeradiel en in 35-jierrige man út Koatstertille binne troch de plysje oanhâlden op fertinking fan hannel yn drugs. Plysjes seagen op De Geeuw yn Drachten dat in man op in brommer stoppe en in koarte moeting hie mei in oare man. De man op de brommer ried dêrnei troch. Omdat tocht waard oan in drugsdiel is de oare man oanspruten.

Hy hie gjin goede ferklearring wat hy dêr die. By ûndersyk die bliken dat de man ferskate soarten drugs by him hie. Hy is oanhâlden.

By syn oanhâlding fertelde er dat er mei de auto wie. Doe't de plysje dêr oankaam rûnen krekt trije persoanen by de auto wei. Ien koe steande hâlden wurde. Omdat de man net meiwurkje woe waard er oanhâlden. Ut ferhoar moat bliken dwaan wat de rol is fan de ferskate fertochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)