Oanhâlding by ûngelok Stiens

03 sep 2007 - 14:07

De plysje hat sneontemoarn in 23-jierrige man út Sint Anne oanhâlden omdat hy freedtejûn in slim ûngelok feroarsake hat op de Brédyk by Stiens.

De fertochte botste mei syn BMW frontaal op de auto fan in 24-jierrige frou út Marrum. Sy rûn hersenletsel en in bekkenfraktuer op. Ek de fertochte en syn passazjier rekken ferwûne. De Stannebuurster wurdt fertocht fan it feroarsaakjen fan swier lichaamlik letsel ûnder ynfloed fan alkohol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)