Oanhâlding tassedief Ljouwert

12 mrt 2014 - 11:12
  • Taskedief

Mei de oanhâlding fan in 18-jierrige Ljouwerter hat de plysje de stellerij fan in tas yn de stêd oplost. De jonge soe earder dit jier de tas fan in 61-jierrige frou út Ljouwert ôfstellen hawwe, doe't dy jûns let de parkeargaraazje ûnder it Wilhelminaplein yn gie. Hy foel dêrby de frou ek oan. Troch eigen ûndersyk en ferklearrings fan tsjûgen kaam de plysje de jonge op it spoar. Dy hat yntusken bekend. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)