Oanhâlding spookrider op 'e A6

14 mrt 2004 - 00:00

De plysje hat sneintemoarn betiid in autorider fan 'e Lemmer (21) oanhâlden, dy't tsjin it ferkear yn op 'e A6 ûnderweis wie nei Emmeloard. De man ried op 'e oprit lâns in plysje-auto. De plysje sette, ek tsjin it ferkear yn, de achterfolging yn en wist de man klem te riden yn 'e linkerberm.

It die bliken dat de Lemster mei drank op achter it stjoer siet. De man is oanhâlden. Hy moast ek syn rydbewiis ôfjaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)