Oanhâlding nei wapenbesit

28 des 2004 - 16:30

De plysje yn Drachten hat moandeitejûn trije manlju oanhâlden. Se hienen twa fjoerwapens en 46 nitraatbommen by har. Tsjûgen seagen in man mei in pistoal in hûs oan it Voermanspad yngean. De plysje sette it hûs ôf.

Doe't de man nei bûten kaam, waard er oanhâlden. Hy hie ek noch in gaspistoal yn de auto. Yn it hûs wie noch in gaspistoal en de 46 nitraatbommen. Fan de seis minsken dy't yn it hûs wienen, sitte noch twa Drachtsters fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)