Oanhâlding nei skellerij

26 des 2006 - 10:27

Yn Frjentsjer is moandei in man fan 36 jier oppakt. De plysje wie ôfkommen op in groepke jongeren dat fjoerwurk oan it ôfstekken wie. De man gong derby stean en frege oft hy ek mei moast. De plysje seach dêr gjin reden foar, mar doe waard de man lilk en hy begong de plysjeminsken út te skellen. Dêrnei is de man úteinlik oanhâlden.

Op it plysjeburo die bliken dat de man noch 28 dagen selstraf útsitte moast. Dy selstraf is fuortendalik yngongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)