Oanhâlding nei kopstjit

19 des 2009 - 14:42

De plysje yn Ljouwert wie freedtenacht drok mei agressive manlju. Twa manlju út Aldeboarn, 25 en 26 jier, krigen spul mei de eigner fan in hoarekabedriuw oan de Weerd. Ien fan 'e mannen hâlde de eigner (32) fêst, de oare joech him in stjit mei de kop. Beide mannen binne oanhâlden.

In 24-jierrige Stienzer misledige plysjeminsken dy't him oansprutsen omdat hy op strjitte alkohol dronk. De man hie him dêrfoar ek al ferfelend gedroegen by in hoarekabedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)