Oanhâlding nei kopstjit

07 apr 2008 - 09:40

De plysje yn Ljouwert hat moandeitemoarn betiid in 21-jierrige man oanhâlden foar it mishanneljen fan in 23-jierrige stedsgenoat. Yn de Doelesteech krigen de manlju spul. De fertochte hat dêrby syn slachtoffer in kopstjit. De man rekke ferwûne oan syn holle.

De fertochte is troch de plysje oppakt en meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk. Wat de krekte oanlieding wie foar it konflikt is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)