Oanhâlding mei pepperspray

29 jul 2008 - 10:51
  • Plysje moast pepperspray brûke

De plysje hat moandeitejûn in 20-jierrige man út Sint Anne oanhâlden, omdat er in man fan 48 jier út Bitgummole mishannele hat.

De man wie mei syn auto op dy fan de man út Bitgummole ynriden en sloech syn slachtoffer dêrnei. Hy soe him ek noch te liif mei in ketting en in krik. De plysje hat de man oanhâlden, mar moast pepperspray brûke om him wat rêstich te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)