Oanhâlding foar ynbraak Ljouwert

16 apr 2006 - 13:39

In ynwenner (21) fan Kollumerlân is sneontemiddei oanholden foar ynbraak. Tsjûgen hiene sjoen dat de man flak dêrfoar ynbrutsen hie yn in skoalle oan de Rengersleane yn Ljouwert. Dêrnei wie de fertochte yn in fiver by de Noteboomstrjitte terjochte kaam.

Omstanners ha de man út it wetter holpen en de plysje ynskeakele. Hy wie ferwûne oan syn rjochterhân. Hy is troch de plysje oerbrocht nei sikehûs. Dêrnei is er ferheard en ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)