Oanhâlding foar strjitrôf

25 feb 2008 - 16:09

Trije ynwenners fan Ljouwert binne sneintemoarn op 'e Foarstreek oanhâlden op fertinking fan strjitrôf. In 26-jierrige ynwenner fan Ljouwert wie earder yn de Blokhûsstege troch de mannen berôve fan syn jild en mobile telefoan.

It slachtoffer en de plysje gongen meielkoar op syk en op 'e Foarstreek seagen se de bedrigers rinnen. Nei fûllearring waard de mobile telefoan by ien fan de fertochten fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)