Oanhâlding foar strjitrôf

08 jun 2006 - 10:47

Op de Súdkade yn Drachten is tongersdeitemoarn in 21-jierrige ynwenner fan Drachten oanhâlden op fertinking fan strjitrôf. In 53-jierrige ynwenster fan Drachten wie bestellen fan har beurs en tas.

De frou hie letter fan omstanners har tas wol weromkrigen, mar it die bliken dat der jild miste. De plysje stelde op grûn fan it ferhaal fan de frou in ûndersyk yn en koe de 21-jierrige man oanhâlde. Hy is meinommen mei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)