Oanhâlding foar ploertendoder

29 jul 2011 - 10:33

In man út De Blesse is tongersdei oanhâlden fanwege ferbean wapenbesit. In surveillearende plysjeman seach de fertochte by syn auto stean. De plysje wist dat de man ôfrûne snein belutsen west hie by in rûzje yn it ferkear. Dêrby hie er syn tsjinstander bedrige mei in wapenstok of in izeren staaf.

De plysjeman mocht fan de fertochte yn dy syn auto sjen en fûn dêr in ploertendoder. Dat wapen is yn beslachnaam. De man út De Blesse moast mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)