Oanhâlding foar mishanneling

24 aug 2008 - 14:10

De plysje hat sneontejûn in 33-jierrige man út Rinsumageast oanholden foar mishanneling en it riden ûnder ynfloed. In frou fan 42 jier út Damwâld hie oanjûn dat de man har mishannele hie yn har wenning. Dêrnei wie er útnaaid.

Doe't de plysje by it hûs wie, kaam de man werom. Hy waard oppakt. Op it buro die bliken dat er te folle dronken hie. De fertochte sit noch fêst en syn rydbewiis is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)