Oanhâlding foar mishanneling

03 apr 2006 - 09:56

De plysje hat sneintemoarn betiid yn Ljouwert in man út de stêd oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De man hie krekt dêrfoar yn in hoarekagelegenheid spul krigen mei guon froulju.

Dêrby hie er twa froulju in klap jûn. Ien fan harren, in 21-jierrige frou út Ljouwert, die oanjefte. De fertochte is troch personiel oan de plysje oerdroegen. Wat krekt de oanlieding fan it skeel wie, is net bekend. De frou hie in ferwûning oan de holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)