Oanhâlding foar misbrûk famkes

04 maaie 2001 - 00:00

De plysje fan Drachten hat in man út dat plak oanholden dy't der fan fertocht wurdt twa famkes seksueel misbrûkt te hawwen. It giet om in jonge fan 18 jier dy't mooglik dejinge is dy't mids april twa famkes fan 12 en 13 jier misbrûkte.

De plysje kaam de jonge op it spoar nei de útstjoering fan Opsporing Verzocht. De jongeman ûntkent elke belutsenheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)