Oanhâlding foar brannen Sondel

06 feb 2007 - 17:09

De plysje hat in fertochte oanhâlden yn ferbân mei de brannen fan mids desimber by Sondel. Twa pleatsen in pear hûndert meter byelkoar wei giene doe yn flammen op. Al gau waard dúdlik dat de brannen oanstutsen wiene.

De ôfrûne tiid is ekstra surveillearre, ek om't de omwenners harren soargen meitsje oer brânstichting. Oft dy ekstra ynset laat hat ta de oanhâlding fan de fertochte, wol de plysje noch net sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)