Oanhâlding besykjen ta deaslach

15 des 2003 - 00:00

In 32-jierrige man is sneontejûn yn in wente oan de Goudenregenstrjitte mei in mes yn syn hals en nekke stutsen. Ut ûndersyk die bliken dat in 49-jierrige Ljouwerter de dieder wêze soe. De lêste waard in oere nei de stekpartij yn de buert oanholden. Hy is meinommen nei it buro foar neier ûndersyk.

It stekwapen is noch net werom fûn. Dat hie de dieder fuortsmiten. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)