Oanhâlden foar oantaasting

02 maaie 2008 - 10:01

De plysje hat tongersdei in Deinumer oanhâlden omdat er in frou oantaaste hawwe soe. In 21-jierrige frou út Nijmegen melde by de plysje dat se op it NS-stasjon op it Hearrenfean betaaste wie troch in man.

De man wie dêrnei op de trein yn ´e rjochting fan Ljouwert stapt. Dêr helle de plysje him op. De man waard oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Doe´t bliken die dat de frou gjin oanjefte dwaan woe, is de man wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)