Oanhâlden foar drugsbesit

25 aug 2006 - 11:36

De plysje hat freed betiid yn Harns in man út Frjentsjer en in jonge út Dronryp oanhâlden fanwege drugsbesit. De twa rieden yn in auto sûnder kentekenplaat en mei mar ien koplampe. Se waarden dêrom oanhâlden troch de plysje.

Doe't yn de auto in XTC-pil fûn waard, socht de plysje fierder. It die bliken dat de manlju wikkels mei speed by har hiene. De twa moasten dêrnei mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)