Oanhalden fia ynternet

23 apr 2009 - 10:09

Twa Drachtsters fan 40 en 46 jier binne oanhâlden troch de plysje omdat se stellen fytsen trochferkeapje woene. It twatal hie trije fytsen, in mini-bike en in radio stellen en dy op it ynternet te keap setten.

In 29-jierrige ynwenner fan Drachten wie oan it sneupen op ynternet en kaam syn fyts tsjin. Hy makke in ôfspraak mei de 46-jierrige ferkeaper. Dêr seach er syn fyts stean en belle fuortendaliks de plysje. Dy hat de ferkeaper oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)