Oanhâlding foar drugs yn tas

19 jul 2012 - 10:22
  • Himp

In 26-jierrige ynwenner fan Surhuzum is tiisdei oanhâlden foar it yn besit hawwen fan drugs. Aginten seagen de man sûnder helm op in brommer op de Foarwei yn Kollumersweach riden en hâlden him oan. Doe't de man de aginten seach gie hy der lykwols hurd fantroch.

Nei in syktocht waard de brommer by in wenning oantroffen. Nei't de aginten de man in proses ferbaal jûn hiene foar it riden sûnder helm, waarden sy troch de bewenner fan it hús tipt dat de fertochte ek in tas op it dak smiten hie. Yn de tas siet 120 gram wiet en 267 gram amfetamine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)