Oanfragen JM-fûns ûnder druk

24 jun 2010 - 14:57

It JM-fûns sil de kommende tiid ekstra kritysk sjen nei subsydzje-oanfragen. It JM-fûns, fuortkommen út de fersetskrante Je Maintiendrai, jout jild oan maatskiplike inisjativen yn Noard-Nederlân. Je Maintiendrai is oandielhâlder yn de Noardlike Deiblêdkombinaasje, útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante.

De finansjele sitewaasje by dy NDC is lykwols sa min, dat de oandielhâlders oer 2009 hielendal gjin dividind útkeard krigen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)