Oanfierder Harns moanne skorst

28 apr 2005 - 10:51

De fuotbalferiening fan Harns hat oanfierder Rikus Oswald (36) mei in moanne skorst. Oswald sloech yn de wedstryd fan ôfrûne snein syn 19-jierrige ploechgenoat Klaas Kuiken del. Dy rekke even út de tiid en sil oanjefte dwaan fan it ynsidint.

Neist de skorsing wurdt Oswald út de seleksje set en moat er him in jier lang goed gedrage. De oarsaak fan it konflikt soe oan de 'generaasjekloof' en de ferskillende mentaliteit lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)