Oanfier winkelfoarrie per boat

04 sep 2001 - 00:00

Yn de takomst sille distribúsjesintra fan guon winkels yn Nederlân de foarrie per boat oanlevere krije. Peter Vink út Ie hat de 'River Hopper' betocht, in boat dêr't pallets op laden wurde kinne.

It skip fart fan de produsint nei in distribúsjesintrum en dêr wurdt de foarrie yn in frachtwein laden, dy't it guod dan nei de winkels bringt. Yn 2002 sil in proef dien wurde mei Bavaria.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)