Oanfarring yn haven Harns

04 jun 2007 - 12:58
  • Mei in skerm waard de oalje tsjinholden

Yn de nije haven fan Harns binne moandeitemoarn twa skippen mei inoar yn oanfarring kaam. In frachtskip mei sân, de Corina, rekke dêrby lek. De masinekeamer fan it skip rûn fol mei wetter. De brânwachtkorpsen fan Harns en Grou hawwe help ferliend en koene foarkomme dat it skip sonk.

Ut it skip lekte oalje, mar dat is mei spesjale skermen opfongen. By de botsing fan de twa skippen rekken gjin persoanen ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)