Oanfarring troch útwiken skip

09 apr 2014 - 14:47
  • De Ruben leit noch mei averij yn it kanaal
  • De Ruben leit noch mei averij yn it kanaal

De oanfarring fan triuwboat 'Ruben' út Utrecht mei de brêge fan Aldskou yn it Prinses Margrietkanaal, is moandei ûntstien trochdat de skipper op it alderlêste momint útwike moast foar twa tsjinlizzers. Boppedat wie it op dat stuit striemin waar mei min sicht en hurde wyn.

Dat seit tsjûge Bram van den Akker fan Hotel Oudeschouw. Van den Akker hat de yndruk dat de skipper op it lêste momint keazen hat foar in smellere ûndertrochgong, om de oanfarring mei in tsjinlizzer foar te kommen.

De twa tsjinlizzers soene nei de oanfarring fan de Ruben mei de brêge gewoan trochfearn wêze rjochting Pikmar.

Triuwboat 'Ruben' leit op dit stuit noch hieltiten mei averij yn it Prinses Margrietkanaal. De skipper fan de Ruben befestiget it ferhaal fan Van den Akker. De wetterplysje moat Van den Akker noch hearre. De melding fan Van den Akker wie moandei net by harren trochkaam, trochdat Van den Akker alaarmnûmer 1-1-2 belle en net it tillefoannûmer fan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)