Oanfarring op Noardsee

30 jul 2010 - 15:43

De Kustwacht fan Skiermûntseach en bergingsskip Hurricane fan Skylge binne freedtemoarn útfearn om in skip op 'e Noardsee te helpen. It njoggen meter lange jacht Skutnik Sympfonie hie de mêst stikken. Neffens de skipper is dat bard nei in oanfarring mei in grut skip mei in oranje romp.

Meiwurkers fan it bergingsskip hawwe de brutsen mêst fan it jacht ôfhelle. Dêrnei is it skip op eigen krêft nei de haven fan Lauwerseach fearn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)