Oanfarring Iselmar betocht

23 des 2009 - 10:59
  • Sieneke de Rooij

De dea fan 13 minsken op de Iselmar wurdt meikoarten betocht. Yn 1945 botsten twa skippen yn in folslein tsjustere nacht tsjin elkoar oan. Ferskate passazjiers sprongen yn panyk oer board yn it iiskâlde wetter.

No wurde de slachtoffers 65 jier letter betocht mei in tsjinst op De Lemmer op 8 jannewaris. In bernsbern fan ien fan de passazjiers sil sprekke. De skippen Jan Nieveen en Groningen IV fersoargen de ferbining tusken Amsterdam en Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)