Oanfarring: 3 froulju oerboard

04 jul 2009 - 13:39

Op de Modderige Geau by Twellegea is sneontemiddei in hier-Valk oerfearn troch in frachtskip. Foar de oanfarring binne de trije froulju yn it wetter sprongen. De sylboat sylde op it PM-kanaal en koe net op tiid fuortkomme. By it ûntwiken fan de Valk hat it frachtskip in in tsjalk rekke.

Omdat earst tocht waard dat der noch mear minsken op 'e boat sieten, waarden dûkers fan brânwacht oproppen. In passant hat de sylsters oppikt, se binne der alle trije goed foarwei kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)