Oanfal Weening slagget net

04 apr 2013 - 18:16
  • Pieter Weening

Pieter Weening bliuwt ek nei de fjirde etappe yn de Ronde fan it Baskelân achtste yn it algemien klassemint. Yn de fjirde etappe oer goed 150 kilometer, mei de einstreek berchop, gong Weening oan de haal. Hy helle in flechtgroep fan fiif man yn, mar koe net in gat slaan yn de 7,3 km lange klim.

De rit waard wûn troch de Kolombiaan Nairo Quintana, Weening waard op 16 sekonden achtste. Dy posysje hat er ek yn it klassmint. Syn efterstân op lieder Sergio Henao (hjoed twadde) is 35 tellen. Freed is der noch in berchetappe, sneon in tiidrit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)