Oanfal Sterk op wrâldoererekord

11 feb 2005 - 10:52

Maria Sterk fan Hallum sil op tiisdei 29 maart op it keunstiis fan Thialf in oanfal dwaan op it wrâldoererekord. Dat rekord stiet no op namme fan Lian van Tol. Dy ried op 16 novimber 1987 - ek op It Hearrenfean - 34 kilometer en 507 meter en 30 sentimeter.

Maria Sterk waard woansdei noch tredde yn de maraton fan Grins en stiet ek op it tredde plak yn it algemien klassemint nei 13 maratons.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)