Oanfal Ryk op skoalfersom

19 maaie 2008 - 17:08

It Ryk hat de oanfal ynset op it fuortbliuwen fan skoalle. Steatssiktaris Van Bijsterveld hat moandei yn Ljouwert ôfspraken makke mei de Fryske gemeenten en skoallen om it fersom tsjin te gean. Foar eltse learling dy't de skoallen werom yn de banken krije, is der in beleanning fan 2000 euro. Op it Comeniuskolleezje yn Ljouwert is it ôfrûne jier de oanfal al ynset op de learlingen dy't samar lessen misse. In soad helje nea in diploma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)