Oanfal op springrekôr hynders

19 aug 2013 - 17:16

Op 21 septimber wurdt yn Drachten in oanfal dien op in wol hiel bysûnder rekôr, it wrâldrekôr heechspringen foar hynders. De oanfal fynt plak op de iepen dei fan it hynstesintrum. Neffens Henk Brouwer fan it hynstesintrum datearret It âlde rekôr fan 1947 en stiet it op 2 meter 47. Gadingmakkers kinne har opjaan om mei te dwaan.

Topruter Nathalie van der Mei hat har meiwurking al tasein. Op de iepen dei wurdt ek bekend makke dat it hynstesintrum fierder giet ûnder ien namme mei it Fries kongressintrum as Frysk kongres- en hynstesintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)