Oanfal op kessengefjochtrekôr

19 jun 2014 - 15:18
  • Suksawat wol it wrâldrekôr kessengefjocht ferbetterje

De ynternetside Suksawat wol besykje it wrâldrekôr kessengejocht te ferbrekken. Dat wolle se dwaan yn septimber op it Saailân yn Ljouwert. It rekôr stiet no op namme fan de Amerikaanse stêd Chicago mei 3813 dielnimmers. Dêrfoar hie Grins it rekôr yn hannen, mei goed trijetûzen kessenfjochters.

Suksawat wol besykje fjouwertûzen Ljouwerters mei kessens by-inoar te krijen. Neffens de inisjatyfnimmers hat de gemeente yntusken tastimming jûn foar it evenemint. De krekte datum wurdt letter bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)