Oane Galama wint oppenij

02 aug 2008 - 17:07

Oane_Galama fan It Heidenskip hat sneontemiddei it fierljeppen op De Jouwer wûn. Hy sprong 18.89 en dat wie 23 sintimeter fierder as syn broer Ysbrand, dy't twadde waard. Freedtejûn wie Oane Galama ek al de bêste yn Bûtenpost.

By de junioaren gie de oerwinning nei Alwin Fonk fan Burgum, dy't 18.04 sprong. By de froulju pakte Anna Jet Leyenaar fan Snits mei 14.66 de oerwinning. Hans Ulco de Boer wûn mei 15.98 by de jonges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)