Oane Galama wint op De Jouwer

14 jul 2007 - 17:03
  • Oane Galema (foto: Martin de Jong)

Oane Galama fan It Heidenskip hat sneon it fierljeppen op De Jouwer wûn mei in sprong fan 17.72 meter.

De ljeppers hiene in protte lêst fan de hurde wyn. Der wiene mar leafst 53 wietsprongen. Galama bleaun Rein van der Wal fan Parregea en Bart Helmholt fan Hurdegaryp foar. Van der Wal kaam út op 17.29 meter en waard twadde. Helmholt kaam net fierder as 17.12 sentimeter. By de frjoulje wûn Alant Vlieger út Kollumerpomp met 13.33 meter

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)