Oane Galama wint mei 20.60 meagere ljepperij Grypstsjerk

14 jul 2015 - 08:43
  • Oane Galama

Oane Galama hat moandeitejûn de ynhelwedstriid fierljeppen yn Grypstsjerk wûn. Yn syn lêste finalesprong kaam er nei 20.60 yn it sânbêd. Bart Helmholt waard twadde mei 18.69. By de froulju wie Marrit van der Wal opnij fierwei de bêste. De Heidenskipster ljepte 16.05, Klaske Nauta kaam net fierder as 14.56. By de junioaren wie Jan Teade Nauta alle konkurrinten oermânsk mei 18.86. Jos Bethlehem wûn by de jonges mei in pr fan 16.58 en Sigrid Bokma wie mei 14.44 de fierste by de famkes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)